Nijs

Folk yn de Wâlden

It wie in moai optreden op Statia State yn Oentsjerk op 14 septimber. We moasten al om 13:30 spylje en dat wie wol efkes wat minder. Der sieten sa’n 50 minsken yn de seal mar letter op de middei waard it wol drokker. Wol oan hast 20% fan de minsken in Blaue Greide CD ferkocht (!). Jo kinne dan sjen dat de minsken hjir echt komme foar folk. De nije fersen ‘Fiif A’s’ en ‘Lit mar gean’ gongen hiel goed. Dizze binne ynmiddels opnaam foar op ús nije skiif. It wie fierder in moai festival mei optredens fan in hiel hege kwaliteit. Net allegear echt folk mar net ien dy dêr in punt fan makke. Wy hawwe eins gjin oare bands of artiesten heard dy de Fryske taal brûkten, al kin it wêze dat we dit mist ha. Dat is oan de iene kant spytich mar oan de oare kant joech dat ús optreden wol wat aparts.

walden7

Literêr wykein

Op Skylge soe ôfrûn wykein in Literêr gearkommen wêze. Hjir soene wy dan wat fan ús folkfersen by spylje. Spytich genoach koe dit wykein net trochgean. Der bale we wol wat fan want nêst dat we graach dizze groep skriuwers yn de kunde komme litte hienen mei ús muzyk hiene wy wer graach yn de kunde kaam mei harren wurk. Hiel spytich en wy hoopje fansels dat we grif noch ris ea yn de Fryske literêre wrâld dûke kinne.

Turfstekkersdream

De fideo fan Turfstekkersdream is wilens 1500 kear besjoen op joetjoep. Der binne wy hiel wiis mei. It fers (‘best aardig’ folgens Freek Nijland fan Folk yn de Wâlden 😉 ) sprekt dus de minsken oan. Grut ferskil mei de measte fersen op Blaue Greide is it tempo. Dat is in moai foarútsjoch want de measte fersen op de nije skiif binne behoarlik stevich. Fansels stiet turfstekkersdream ek op it sulveren plaatsje.

groetnis

Reizger op festival yn Súderséemuseum Inkhúzen

Snein 11 augustus ha we in dei yn Inkhúzen west. Hjir wie in festival mei allerhande artiesten. It waard in prachtiche dei mei foar ús 5 optredens op ferskate plakken yn it iepenloft gedeelte fan it Súderséemuseum. Mei as hichtepunten dochs wol it optreden yn it tsjerkje en it ôfslutende fers mei alle koaren en bands. Mear plaatsjes fan dit optreden bin te sjen ûnder it kopke plaatsjes

08 11 12 Maritiem Festival

De fideoklip van ús nije liet de Turfstekkersdream!

Tekst: Hetty Zonderland

Reizger
Zang: Hetty Zonderland
Gitaar en perkusje: Bart van der Wal
Mandoline en contrabas: Eric van der Wal

Gastmuzikanten,
Ierske Banjo: Bart de Graaf
fioele: Jan Huitinga

opnames: Pylger Studio
Arranzjeminten: Eric van der Wal, Bart van der Wal
Ynspiraasje: Henry Lawson – The Shearers Dream, Pauline Scanlon
Klip opnames en video editing: Kris van der Wal

Tige tank alle figuranten!!
Niels en Charlotte foar de dûns
Gepke Tuinstra foar de make-up

Nije fersen

Wy fan Reizger binne tige bliid en grutsk dat de ferkeap fan Blaue Greide sa goed rint.
Sûnt in pear dagen stean we ek op www.celticbands.nl ‘Celtic Bands is een boeking- en agency organisatie voor Ierse en Schotse Music Bands.’ Misskien leuk ris om te sjen op dizze side.

De gearwurking fine wy hiel noflik en der is no sels in facebook pagina fan Reizger Facebook .. wa hie dat tocht!?
Dêrneist binne we dwaande mei it opnimmen fan nije fersen. Wêr op Blaue Greide de rêstiche sankjes de oerhân hienen lyket op de oankommende skiif mear plak foar ritmyske, knallende folk mei mear Ierske ynfloeden.
Ek sil der mooglik in fideoklipke komme fan it fers ‘Turfstekkersdream’. We binne al dwaande mei de tariedings.