Frysk

Reizger is in Fryske band dy har eigen fersen allinich yn it Frysk bringt. By optredens wurde der ek wol Ingelsktaliche fersen brocht. Oer de kwaliteit fan it Frysk is altyd in protte te dwaan. Wy krije dan ek hieltiid op- en oanmerkings oer stavering en sinsbou. Dat skynt frij normaal te wêzen yn de hjoeddeistiche Fryske muzyk scene.

Us belied op it mêd fan it brûken fan it Frysk is: Wy brûke altyd Frysk. Yn fersen, op hoesjes, op dizze side en yn parseberjochten. It giet by ús om de muzyk en it ferhael, de foarm fyne wy minder wichtich. It falt bygelyks op dat minsken dy gau oer de foarm begjinne it faak dreech fine om de ynhâld te snappen. It Frysk is yn myn eachen in brûkerstaal dy in protte dialekten kin. Wy meitsje bytiden de kar om ôf te wiken fan datjinge dat de Afûk bepaald hat as goed Frysk. Sa wurdt bytiden in -t plakt achter bepaalde wurden, sa as dyt yn stee fan dy. Dit komt nammentlik fan it Gaesterlânske dialekt. Ek is yn it fers Boatsankje de kar makke om Terschelling te brûken yn stee fan Skylge omt net ien dat lêtste yn ús omkriten brûkt. Wat de tiidwurden oanbelanget.. de goede foalchoarde wurdt sa folle mooglik oanhâlden útsein as de rym better útkomt by de foute folchoarde. Jimme kinne by flaters my altyd in berjocht stjoere. Tips wurde meinommen yn de ôfweaging by it staverjen fan nije fersen. Us doel is dat sa folle mooglik minsken sa goed mooglik Frysk prate en sjonge. Mar litte we net ferjitte dat in taal in kommunikaasjemiddel is en gjin kommunikaasjedoel.

gr, Eric

Eric@teatertun.nl