Band

Reizger is in Fryske folkband. De band makket Frysk en Ingels taliche musyk. De style fan de musyk hat foaral woartels yn de bluegrass mar ek yn ierske- en ingelske folk. Yn 2012 hat Reizger de CD Blaue Greide útbrocht. Op dizze skiif stiet de gearhing tusken de stim fan Hetty en it tokkelwurk fan Bart op de gitaar yn gefoeliche ballades sintraal. Dêrnêst sjonge de mannen in pear fleuriche ferskes. De 13 fersen binne hast allegear troch Bart skriuwn. Nei Blaue Greide is der wurke oan wat flotter wurk. Under oare it fers Turfstekkersdream yn gearwurking mei Jan Huitinga (fioele) en Bart de Graaf (Ierske banjo) is hjir in goed foarbield fan. De band wurket no oan in twadde skiif mei eigen wurk en in skiif mei oersettings fan âlde Amerikaanse folkfersen. Optredens fan Reizger binne geskikt foar folkfestivals, yn tsjerke of by ferhalefestivals. Wolle jo Reizger boeke, gean dan nei kontakt. Yn de kroech of mei in feest spylet de band ljeaver net.

Reizger spylet in mix fan eigen fersen en covers. De eigen fersen binne Frysktalich.

IMG_0846

 


Bandleden

Hetty Zonderland

  • Sang
  • Gitaar
  • Fioele
  • Mandoline


Bart van der Wal

  • Gitaar
  • Banjo
  • Dulcimer
  • Sang


Eric van der Wal

mandoline

  • Mandoline
  • Kontrabas
  • Gitaar
  • Sang
  • Glockenspiel
  • Elektrieske gitaar
  • Basgitaar
  • Mûleoarchel


Jonathan Koning

jonathanbas

  • Kontrabas
  • Basgitaar


Meest recente berichten

Noarderwyn Live, mei Willem Wâldpyk

Oankommende freed 13 juli is Reizger live te hearen en te sjen yn Noarderwyn Live, it programma fan e freedemidje mei Willem Wâldpyk, op Omrop Fryslan!


Fan 13.00 oant 14.00 oere, sil we hjir ’n oantal nummers fan us heare litte.

Oant dan!

  1. Imaginarium Festival 2017 Reacties uitgeschakeld voor Imaginarium Festival 2017
  2. Frysk op Riis Reacties uitgeschakeld voor Frysk op Riis
  3. Restaurant “Eigen Wies” beste van het Noorden! Reacties uitgeschakeld voor Restaurant “Eigen Wies” beste van het Noorden!
  4. Klip fan “Boatsankje” Reacties uitgeschakeld voor Klip fan “Boatsankje”
  5. Opnames fan PodiumTV Reacties uitgeschakeld voor Opnames fan PodiumTV
  6. Reizger tegeare mei Doede Veeman Reacties uitgeschakeld voor Reizger tegeare mei Doede Veeman
  7. Imaginarium festival Reacties uitgeschakeld voor Imaginarium festival
  8. De Harmonie Reacties uitgeschakeld voor De Harmonie
  9. De noflike Waterleeuw Reacties uitgeschakeld voor De noflike Waterleeuw