Teksten


Turfstekkers dream

Ik seach in fracht fan in turfenboer,
op in tsjalk, earmoedich en leech
Ik dreamde doe fan in grut gebied,
stapels fean fan meters heech
fjouwer man oan de top op it flak brúne goud,
in gloarje foar elkenien
yn tsjinst fan ‘e steat of in goed ryk man,
it jout neat, it is sa dien

Sy krigen net de swipe fan de koperen ploert,
op har rêch en yn har hier
Mar in fleurich myld brieske fan de eastewyn,
en om it oere in gleske bier
Om har hinne wie it in feest, mei froulju fan it doarp,
Dy dûnsen foar har del
De baas brocht hun lean en wie tige tankber,
En hie in ferrassing foar it hiele stel

It stekken wie rap klear, dernei dûnsje en sjonge,
se laken en wine sa blier
Ik joech my del yn’t gers, myn holle yn ‘e loft,
fier fuort sa waard ik siik
Doet ik letter wekker waard út de turfstekkers dream,
mei in liif ferbaarnd en read
En in skeamel stik turf, lei der nêst, en mei de hoop,
foar inkeld noch Domela’s dream steat.

Ik seach in fracht fan in turfenboer,
op in tsjalk, earmoedich en leech
Ik dreamde doe fan in grut gebied,
stapels fean fan meters heech
fjouwer man oan de top op it flak brune goud,
in gloarje foar elkenien
yn tsjinst fan ‘e steat of in goed ryk man,
it jout neat, it is sa dien

Tekst: Hetty Zonderland
Sang: Hetty Zonderland
Gitaar en perkusje: Bart van der Wal
Mandoline en contrabas: Eric van der Wal
Gastmuzikanten,
Ierske Banjo: Bart de Graaf
fioele: Jan Huitinga

opnames: Pylger Studio
Arranzjeminten: Eric van der Wal, Bart van der Wal
Ynspiraasje: Henry Lawson – The Shearers Dream, Pauline Scanlon
Klip opnames en video editing: Kris van der Wal

Tige tank alle figuranten
Niels en Charlotte foar de dûns
Gepke Tuinstra foar de make-up


Boatsankje

Ik gean mei de boat, mei de boat nei Terschelling
De wyn die spilet syn liet yn myn hier
Ha gjin idee wat ik sis as’k dy fyne sil
Asto my sjochst, schrik net fan my

Tis sa lang lyn, dat ik dy sjoent ha
Ha gjin idee wat ik dêr ferwachtstje kin
Mar’k ha ’t gefoel dat ik hjir thús bin
Noch ’n lyts stikje en ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy

Wurden ha ik net om tsjin dy te sizzen
Allinich ’t lûd,’t lûd fan de see
Niks in myn holle op de lange wei nei dy ta
Allinich myn leafde dy ik foar dy ha

Tis sa lang lyn, dat ik dy sjoent ha
Ha gjin idee wat ik dêr ferwachtstje kin
Mar’k ha ’t gefoel dat ik hjir thús bin
Noch ’n lyts stikje en ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy

Tis sa lang lyn, dat ik dy sjoent ha
Ha gjin idee wat ik dêr ferwachtstje kin
Mar’k ha ’t gefoel dat ik hjir thús bin
Noch ’n lyts stikje en ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy
Ik bin wer by dy

Tekst: Bart van der Wal
Musyk: Vashti Bunyan
Opname: Gumbo studio Ens
Arranzjemint: Douwe van der Werff
Miks & produksje: Eric van der Wal

Sang: Hetty Zonderland
Gitaar, sang: Bart van der Wal
Kontrabas, glockenspiel: Eric van der Wal
Drums: Pieter Dokter
Piano: Douwe van der Werff
Sello: Carel van Leeuwen


Stoarm

Dagenlang rin ik dy foarby
Winsk en fraach, tinken, fernuverje my
Skaad, ferskrikke opnij, ‘t plak fan’t bestean
Hoe is dit mooglik, hoe is dit ûntstean
Jierrenlang wie it toch goed

Gefoelige lieten reitsje no myn hert, trilje as ‘n blêd yn de wyn

Gouden ljocht fersmiet blau en giel
Foarm is krekt, omearmje djip myn siel
Ljocht en tsjuster, wrakselje as yn in striid
Wyn stjit my wekker, lûkt krêftich oan myn hier
Bliuw noch amper fier oerein

‘t Wetter spat wier heech op, wolken binne griis en grau

Dagenlang rin ik foar dy út
Hertstocht ferdwynt sûnder beslút
Wy ferfrjemdzje en reitsje mekoar net mear oan
Fernuverje, fersmoare, ús leafde is fan de bân
Mei in machtiche grutte klap

Leech oer ‘t lân swermje fûgels út, in foarmen wiid en nau

Langs see bûcht en rûst ‘t reid
Op ‘t ritme fan de wyn
Stoarmkrêft âlve, de rein, nee, dy fiel ik net
Ballet fan bûchsum en fan krêft
Fertriet makket my blyn

Tsjuster ferdwynt mei ‘t ljocht, de loft is skjin en blau

Tekst: Bart van der Wal
Musyk: Bart van der Wal
Opname: Gumbo studio Ens
Arranzjemint: Douwe van der Werff
Miks & produksje: Eric van der Wal

Sang: Hetty Zonderland
Gitaar, sang: Bart van der Wal
Kontrabas, elektrieske gitaar: Eric van der Wal
Perkusje: Pieter Dokter
Sello: Carel van Leeuwen


Snie

As de wyn wer sjongt fanút de see
Teit de snie en krijt it lân wer kleur
En de mais is klear en moat fan it lân
As kjeld syn plak wer fynt
De frou seit tsjin har man
Dat sy syn gesicht wol gau ferjit
Mar foar sy giet leit de skuorre fol
En bliuwt sy foar sa’n ryk besit

As de wyn wer sjongt fanút de see
Teit de snie en krijt it lân wer kleur
En de swellen fleane op en del
De hiele simmer troch
Mar as de winter dan begjint
En syn leafste wol der wer op út
Sjocht sy in har hert en jout har del
En komt sy werom op har beslút

As de wyn wer sjongt fanút de see
Teit de snie en krijt it lân wer kleur
En fûgels sjonge it heechste liet
de natoer jout syn moaiste fleur
De frou har hert dat smelt as iis
Fan jûns oant moarns betiid
Sy leit har neist him del yn bed
En fielt hy gjin ferlies

Sa praat my net fan wer gean myn leaf
As ‘t wat tsjin sit, foaral mei dy
Bliuw foar fêst oan myn side myn leaf
Lit dat jachtsjen mar oer oan my
Want no, ik gean der wer fan troch
Oer seeën en noorder lân
As de wyn wer sjongt fanút de see
En het lân kryt de kleur fan sân

Tekst: Bart van der Wal
Musyk: Bart van der Wal
Opname: Gumbo studio Ens
Arranzjemint: Bart van der Wal
Miks & produksje: Eric van der Wal

Sang: Hetty Zonderland
Gitaar: Bart van der Wal
Basgitaar, mandoline: Eric van der Wal
Perkusje: Pieter Dokter