Blaue greide is no te bestellen

CD bestelle: Stjoer jo namme en adres nei teatertun@aol.nl en meitsje €15,- oer op bankrek.nr. 1127.25.554 fan Teatertun Produkties. Dan krij jo Blaue Greide sa gau mooglik thús!

De CD is no ek te keap by:

Boekhandel De Jong
Van Swinderenstraat 9
8561AP Balk

Boekhandel Muizelaar
Hoofdstraat 10
8723 BH KOUDUM

Foarpriuwke Blaue Greide

Wy binne drok dwaande mei it miksen fan ús earste CD ‘Blaue Greide’. Dizze skiif sil ein fan ‘e simmer útkomme mei 13 fersen, sankjes en ynstrumintaaltsjes. Om hjir wat omtinken foar te krijen ha we trije fersen no al frij jûn. Jo kinne no al harkje nei

  • Boatsankje
  • Stoarm
  • Snie

ûnder it kopke Fersen op dizze side.

Reizger docht mei oan REDBAD

Wy sille meidwaan oan it stik REDBAD fan teatergroep SULT yn septimber fan dit jier. Bart sil de musyk skrieuwe en Eric en Hetty sitte yn de band diet by it stik spylet. It stik giet oer de Fryske kening Redbad.

Redbad wurd spiele by it Súderstrân yn Starum. Op 15, 16, 17, 23 en 24 septimber 2011.
Foar mear ynfo: www.teatergroepsult.nl